Gaswinning yn Nederlân

Ierdgas wurdt yn Nederlân brûkt om iten te sieden, foar it ferwaarmjen fan huzen, foar de yndustry en foar it opwekken fan elektrisiteit. Wy steane der net altyd by stil, mar ierdgas foarsjocht yn mear as 50% fan it deistige enerzjyferlet. Ierdgas is ek fierwei de skjinste fossile brânstof.

It Grinslân-fjild, ien fan de grutste fjilden yn ’e wrâld, is no in strategyske reserve foar it takomstige enerzjyferlet fan Nederlân. Doe’t it Grinslân-fjild (Slochteren) yn 1959 ûntdutsen waard, wiene de ferwachtings oer de ynsetberens fan kearnenerzjy heech. Der waard tocht dat om it jier 2000 hinne kearnenerzjy goedkeaper wêze soe as enerzjy út fossile brânstoffen. De ynset fan it belied yn de jierren sechstich wie dan ek om it gas út it Grinslân-fjild gau te winnen, yn 30 oant 35 jier, om’t der dêrnei faaks gjin merk mear foar wêze soe.

Yn de jierren santich laten publike wjerstân tsjin kearnenerzjy en de oaljekrisis ta in koerswiziging. Yn 1974 ûntwikkele de Nederlânske oerheid it ‘lytse-fjildebelied’. Dêrmei stimulearret hja de produksje út lytsere, útinoar lizzende gasfjilden op it fêstelân en de Noardsee. Dat belied wol derop ta om de gasreserves yn it Grinslân-fjild te sparjen en sadwaande de ôfhinklikens fan bûtenlânske gasleverânsjes lytser te meitsjen.

Back to Top

Vermilion Oil & Gas Netherlands BV

Vermilion Oil & Gas Netherlands BV (Vermilion) is in dochterûndernimming fan it Kanadeeske bedriuw Vermilion Energy Trust, dat oalje en gas wint yn Kanada, Austraalje, Frankryk en Nederlân. It haadkantoar fan Vermilion Oil & Gas Netherlands BV stiet yn Harns. Back to Top

Belied fan Vermilion Oil & Gas Netherlands BV

Back to Top

Fergunnings

Foar it opspoaren en winnen fan ierdgas binne fergunnings nedich. Dat jildt sawol foar it seismysk ûndersyk, de (proef)boarring, it winnen sels, mar ek foar it opromjen fan de lokaasje.

As wy gas fine, moatte wy fergunnings oanfreegje. Wy moatte ek in winningsplan yntsjinje. Dêr stiet ûnder oare yn hoe faak oft wy de boaiemdelgong mjitte moatte. De minister fan Ekonomyske Saken kart dat plan goed.

De fergunnings foar it opspoaren, proefboarjen en winnen fan ierdgas wurde jûn troch it foechhawwend gesach, lykas it Ryk, de provinsje , de gemeente en it wetterskip

Back to Top

Boaiemdelgong en ierdbevings

De Nederlânske boaiem beweecht en dat is meastal in natuerlik proses. It winnen fan gas kin lykwols al boaiemdelgong ta gefolch hawwe. Troch it winnen fan gas beklinke om samar te sizzen de gashâldende stienlagen. Dat neame wy kompaksje. De druk yn de poarjes fan de stienlagen nimt nammentlik ôf, wylst it gewicht fan de boppelizzende ierdlagen (ien oant fjouwer kilometer) gelyk bliuwt. Soksoarte fan boaiemdelgong treedt faak hiel stadich oer in lange perioade op, it giet dan om inkelde centimeters.

Boaiemdelgong kin lykwols ek feroarsake wurde troch minsklike aktiviteiten lykas ynpoldering en ferleging fan it wetterpeil.

Yn it saneamde winningsplan makket Vermilion foar elk gasfjild in rûzing fan de ferwachte boaiemdelgong. Mei help fan mjittings kontrolearje wy de aktuele boaiemdelgong. Op dy wize kinne wy as dat nedich is maatregels nimme.

Meastal sakket de boaiem troch gaswinning hiel stadich. Soms giet dat mei in lytse skok. Dat komt dan faak trochdat in stienlaach oan de breukrânen hingjen bliuwt. Yn Nederlân giet it yn dat gefal om lichte ierdbevings. Boppe ús djip lizzende gasfjilden hat it KNMI sûnt it begjin fan de produksje-aktiviteiten yn de santiger jierren noch nea ierdbevings registrearre.

Mear boaiemdelgong as ferwachte
Resinte mjitgegevens hawwe sjen litten dat de boaiem boppe it gasfjild tusken Harns en Frjentsjer flugger sakket as ferwachte. Op dit stuit is de oarsaak dêrfan noch ûndúdlik.

It is wol dúdlik dat it hjir om in unyk gasfjild giet. It is nammentlik it iennichste gasfjild oan lân in Jeropa dêr’t gas út kryt formaasje wûn wurdt. Dat betsjut dat der ek minder mjitgegevens beskikber binne om te kommen ta in juste ferwachting fan it tal sintimeters dat de boaiem sakje sil.

Vermilion hat besletten om de gaswinning fan it oanbelangjende gasfjild ynearsten stil te lizzen. Wy wolle nammentlik earst de oarsaak fan de boaiemdelgong ûndersykje om sa bettere foarsizzings fan de ferwachte boaiemdelgong foar dat spesifike fjild dwaan te kinnen. Wy ferwachtsje dêr heal 2009 mear dúdlikheid oer te hawwen. Op grûn fan de nije gegevens sil de produksje wer op gong brocht wurde kinne.

Oant no ta is de boaiemdelgong yn de oare fjilden (dêr’t it gas net út kryt laach wûn wurdt) altyd binnen de foarsizzings bleaun. Fan de potinsjele gaswinningslokaasjes is lyksa bekend dat it gas dêr net út krytformaasjes wûn wurdt.

Back to Top

Planning en projektaktiviteiten

Wy stribje dernei om yn 2009 viif proefboarrings en ien ûntwikkelingsboarring* te dwaan. De boarlokaasjes lizze by De Hoeve, De Kom, Nijhoarne/Ketlik, Finkegea, Wommels, *Middelburen.

Om de proefboarrings op dy lokaasjes realisearje te kinnen binne wy ûnderwilens mei it tariedende wurk út ein set. It giet ûnder oare om it útfieren fan de earder neamde miljeu- en feilichheidsstúdzjes en om it ynformearjen fan de foechhawwende ynstânsjes en de omwenners oer de foarnommen aktiviteiten.

Back to Top

Fragen en antwurden / kontakt

Mochten jo fragen hawwe, dan beäntwurdzje wy dy graach. Jo kinne skriftlik, telefoanysk of fia e-mail kontakt mei ús opnimme. As jo opmerkings of klachten hawwe oer de aktiviteiten dy’t Vermilion no ûndernimt of oer foarnommen aktiviteiten, dan kinne jo kontakt opnimme mei Vermilion Oil & Gas Netherlands B.V. op de wize sa’t hjirboppe beskreaun is. Wa’t fia e-mail reagearje wol, kin gebrûk meitsje fan it ûndersteande kontaktformulier. Wy sjogge jo melding graach temjitte en sille besykje om dêr sa gau mooglik op te reagearjen.

Yn it gefal dat jo skea oan wenningen of gebouwen konstatearje, kinne jo dat op deselde wize as hjirboppe ek oan ús trochjaan. In meiwurker komt dan by jo oan, om de oarsaak te ûndersykjen. Dêrnei wurdt de skea ôfhannele.